Truus de Vries

Home > Oer my > Bio

Stúdzje en wurk

Ik bin 9 maaie 1986 berne yn Ljouwert en grutbrocht op 'e Lytse Geast. Fan 2004-2010 haw ik oan 'e Rijksuniversiteit Groningen kommunikaasjewittenskippen en Fryske taal en kultuer (cum laude) studearre. Ik ha doe mei Jurrit Jan de Jong, Dirk Jan Muntendam en Geart Tigchelaar de stúdzjeferiening Skanomodu oprjochte.

Fan 2011-2014 haw ik as taalkundige op 'e Fryske Akademy wurke. Dêr haw ik ûndersyk dien nei meartalichheid yn it ûnderwiis yn Fryslân en Baskenlân. Fierder haw ik mei kollega's kongressen organisearre op it mêd fan minderheidstalen, sosjale media en ûnderwiis. Fan 2012-2014 haw ik meiwurke oan 'e ynternetgrammatika Taalportaal. Yn 2014 ha myn kollega Joke Weening en ik nei Súd-Afrika west om dêr it Afrikaanske Taalportaal op te setten.

Yn 2013 en 2014 haw ik yn 'e sjuery sitten fan "It moaiste Fryske wurd".

Sûnt april 2014 wurkje ik as kommunikaasjemeiwurker by gemeente Súdwest-Fryslân. Ik bin ek mei ferantwurdlik foar it skriuwen en útfieren fan it taalbeliedsplan Frysk.

Muzyk

Yn myn frije tiid komponearje ik út en troch. Dêrneist spylje ik piano yn it folkensemble Edis en treed op mei myn freon Rob du Jardin. Rob en ik dogge ferskate ynstrumintkombinaasjes: fioele-piano, trompet-piano, fioele-oargel, trompet-oargel en quatre-mains oargel of piano.

Ik ha fiif jier (alt)fioelist west yn Salonorkest Sinnema, haw as ynfalster (alt)fioele spile yn it Fries Kamerorkest en spylje op it stuit altfioele yn strykkwartet Seconda Scelta.

Skriuwen

Yn Everything Came To Me haw ik it libbensferhaal optekene fan myn skoanmem Rachel Faltin-Székely, dy't yn Switserlân wennet. De biografy is tegearre mei ús mem har boek It is stjerrend wier, heite útkaam yn 2015. Yn dat boek hat ús mem ferhalen optekene fan minsken út alle hoeken fan Fryslân.